Ødegaard op de bank; Namli linksback tsjin Twente

17 feb 2017 - 17:11

Martin Ødegaard begjint sneon tsjin FC Twente op de bank. De Noar moat syn plak op it middenfjild ôfstean oan Pelle van Amersfoort. De lêste fjouwer wedstriden spile Ødegaard yn de basis, mar no kiest trainer Jurgen Streppel foar Van Amersfoort.

Troch de skorsing fan Jeremiah St. Juste begjint Doke Schmidt sintraal yn de ferdediging. Younes Namli sil spylje as linksback, omdat Lucas Bijker ek skorst is.

Wout Faes krige moandei in reade kaart yn it duel tsjin Jong Feyenoord en kin dêrtroch ek net meidwaan. Shay Facey sit mominteel troch privee-omstannichheden yn Manchester. Facey is hierd fan Mannchester City.

Mooglike opstelling: Mulder, Marzo, Schmidt, Van Aken, Namli, Kobayashi, Thorsby, Van Amersfoort, Zeneli, Reza en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)