Advokaat fan fertochte easket frijspaak yn dongsilosaak

17 feb 2017 - 16:28

"In emosjonele dei dy't altiten yn myn gedachten is" sei de fertochte yn de saak fan it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea. Hy kaam as lêste oan it wurd. De fertochte prate Frysk yn de rjochtbank yn Zwolle, der wie in tolk oanwêzich. De advokaat fan de fertochte, Tjalling van der Goot, easket frijspraak. Neffens him kinst tinke dat de fertochte yn gebreke bleaun is, mar bewize kinst it net.

Spuiwetter

Neffens de advokaat soe de fertochte in lintsje krije moatte omdat er in skjinmakrobot ûntwikkele hat om drama’s foar te kommen. Hy hie noait foarsjen kinnen dat der sprake wêze soe fan in libbensgefaarlike situaasje. Neffens nije rjochtlinen hie de feehâlder it melde moatten dat der spuiwetter tafoege wie oan de dong. De fertochte wist net dat der spuiwetter by siet wêrtroch’t de risiko’s fergrutte waarden.

Tsjin de eigener fan it skjinmakbedriuw dat ferantwurdlik hâlden wurdt foar it deadlik ûngelok yn de dongsilo yn Makkingea, is in boete fan 100.000 euro easke, en in selstraf fan ien jier ûnder betingst. Ek soe er ûnder betingst in healjier lang gjin lieding jaan meie oan it bedriuw en moat er in wurkstraf fan 240 oeren ûndergean. By it ûngelok yn 2013 kamen trije minsken om it libben, ûnder wa twa fan syn wurknimmers.

Op 10 maart docht de rjochter útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)