Wurkstraf ûnder betingst yn treitersaak

17 feb 2017 - 15:44

In man út De Gordyk hat in wurkstraf fan 30 oeren ûnder betingst krigen, omdat er 2,5 jier lyn mei sin in auto oanriden hat. De man waard bot narre troch in groep jongeren, ûnder wa ek de eigener fan de auto. De jongeren pleagen him omdat se mienden dat er homo wie. Se sieten him achternei yn dy auto.

De man hie help socht, mar it narjen hâlden net op. Omdat er der net mear oer koe, woe er de auto útskeakelje. De offisier fan justysje hat by de eask rekken hâlden mei it treiterjen. Se sei dat de jongeren har kapot skamje moatte.

Trefwurden: 
De Gordyk wurkstraf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)