Provinsjes wolle ûndersyk nei oerstap op biologysk buorkjen

It lân fan bioboer Miedema by Haskerdiken © Omrop Fryslân
De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte wolle ûndersyk dwaan nei de omskeakeling fan gewoan buorkjen nei biologysk buorkjen. Der wurdt dan sjoen nei wat it betsjut foar de ekonomy, de produksje fan iten, it miljeu en it lânskip, as mear en mear boeren oerstappe op biologysk buorkjen.
De trije provinsjes ferwachtsje dat hieltyd mear boeren kieze sille foar biologysk buorkjen. It is net dúdlik wat de gefolgen dêrfan wêze sille foar bygelyks de wurkgelegenheid of de leefberens op it plattelân. Dêr moat it ûndersyk antwurd op jaan.