Jier sel foar Ljouwerter sportmasseur om ferkrêfting
In 52-jierrige sportmasseur út Ljouwert hat freed in jier sel krigen foar oantaasting en ferkrêfting. De rjochtbank yn Ljouwert lei ek in beropsferbod op. De man mei fjouwer jier lang gjin sportmasseur wêze. Ein 2014 en begjin 2015 hat er twa froulju oantaaste en ferkrêfte.
De ien betaaste er yn it krús, it oare slachtoffer moast neaken op de massaazjetafel lizzen gean wêrnei't de man har ferkrêfte. Hy moat oan de froulju respektyflik goed 1.100 en rom 2.200 euro skeafergoeding betelje. Advokaat Bart Canoy sei nei de útspraak dat syn kliïnt berop oantekenet.