"Wintersport? Dat was één keer, maar nooit weer"

"Wij zijn een keer met een splinternieuwe camper op wintersport geweest. Zestien graden onder nul, alles bevroren en de gasfles altijd leeg: dat was één keer maar nooit weer!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de úttocht fan 400.000 Nederlanders nei de skygebieten. Jaloersk wienen de measten net: "Ik bin gjin snieman. Ik fyn it al slim genôch as it hjir falt!"
"Nee jong, ik bin net sa'n winterige man om op dy plankjes te stean". Mar ek: "Geweldig, de wintersport. Als je het een keer hebt gedaan, ben je overtuigd!" Oaren liket it wol moai, mar sjogge der fan ôf fanwege de kosten. En fansels waard ek de Après Ski neamd: "Dêr soe ik noch wol om hinne wolle, mar oars wurdt it de earste 'gipsvlucht' werom."