Frou út Kollum (45) swierferwûne by frontale botsing

By in frontale oanriding op de N355 by Noordhorn yn Grinslân, is in 45-jierrige frou út Kollum swierferwûne rekke. Nei alle gedachten kaam se mei de auto yn de berm, wêrnei't se de macht oer it stjoer kwytrekke. Dêrop botste se frontaal op in tsjinlizzer. Yn dy auto sieten in man fan 64 jier en in frou fan 61 jier út Pieterzijl. Ek sy rekken slim ferwûne.
Alle trije slachtoffers sieten beknypt. De brânwacht hat se derút helle. De slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De traumahelikopter is ek ynsetten, fanwegen de slimme ferwûningen.