Frou smyt ruten fan plysjeburo Easterwâlde yn

© ANP
De plysje hat tongersdeitenacht in 30-jierrige frou út Easterwâlde oanhâlden foar fernieling. Se hie stiennen tsjin de ruten fan it plysjeburo yn har wenplak smiten. Plysjes wienen yn de nacht yn it buro doe't se twa lûde knallen hearden. Op bewakingsbylden seagen se ien fuortfytsen. Fan ien fan de wurkkeamers wienen de ruten stikken. Der sieten grutte stjerren en barsten yn.
Nei in koarte achterfolging koe de plysje de frou oppakke. Se wie al twa kear earder oanhâlden omdat se de ruten fan it plysjeburo ynsmiten hie mei stiennen. De frou sit fêst op it plysjeburo foar neier ûndersyk.