Kollum: ''It frjemde Frysk''

"Zo nu en dan zegt jullie dochter woordjes die ik niet begrijp", sei Nora de berneliedster dizze wike tsjin my. "Wat spreekt ze ook alweer, Fries?" Ik knikte.
As je twa jier binne, falt it net mei om de goeie wurdsjes op it goede momint te sizzen, nammentlik Frysk tsjin mem en Nederlânsk tsjin sa'n bytsje de rest. It skeakeljen tusken de twa talen is noch te yngewikkeld. Us pjutter ûntwikkelet noch mar krekt har wurdskat en taalbegryp en hutselet alles wat troch elkoar.
Sa bakke de bern by de opfang bôle op woansdeis. De bern mei dan it deeg knede. Se hat it er dan altyd oer dat se 'bakkertje' is. Yn it Nederlânsk dus. Mar se seit tagelyk ek bôle, yn it Frysk dus. Het bakkertje bakt dus bôle. Ik kin my foarstelle dat de oare bern net witte wêr't se it oer hat as se seit dat se bôle bakt. En Nora de berneliedster ek net.
Ek is se sljocht op it wurd "gûle". Se brûkt it foar tal fan gesichtsútdrukkingen. As we in boekje lêze en op in plaatsje stean skiep gedachteleas te kôgjen, ropt se: "gûle!". Mar it wurd "gûle" liket yn de fierste fierte net op it wurd "huilen". Krekt dat as it wurd boartsje net op "spelen" liket, of "heity", op "papa". Allegear wurden dy't se faak brûkt. Ek by de opfang.
De berneliedster fynt it gjin probleem dat se ús pjutter soms net ferstean kin. "Kun je mij niet wat Fries leren ", frege se entûsjast. Dus sil ik har ris wat wichtige pjuttersaken leare. "Ik moat pisje" bygelyks. Of "ik wol graach tsiis op de bôle". Fierder is "laitsjen", "gûle" en "boartsjen" belangryk fansels.
Oer it algemien fine minsken it wol bysûnder, dat Frysk. Soms sels noch mear bysûnder as Ingelsk, merk ik. Mar ek in bytsje raar. Want wêrom soene je Frysk tsjin je bern prate yn in stêd as Den Haach? Yn myn deistich libben is alles yn it Nederlânsk, dus wêrom moeilijk doen als het makkelijk kan?
Ik snap dizze redenaasje wol mar ik doch it omdat it myn memmetaal is. En as mem praat ik it leafst yn de taal fan myn mem tsjin myn bern. Sa simpel is it.
Mar as ik yn de boarterstún bin en ik sis bygelyks tsjin har "gean mar efkes boartsjen" en ik sjoch dat oare minsken dat hearre en der fan opsjogge, dan fielt it soms dochs wat dûbeld. Net omdat ik my skamje foar it Frysk of sa, mar omdat ik in hiel, hiel lyts bytsje ôfstân skep mei myn frjemde taal.
Op in dei kocht ik wat fia Marktplaats. Ik belle oan by it hûs wêr't ik myn oankeap ophelje soe en dêr die in leuke jonge frou iepen. Se hie krekt sa'n Fryske namme en achternamme as ik.
Se bliek dan ek sa Frysk as wat.
Dus wy oer op it Frysk. Hearlik is dat, as je yn in stêd as Den Haach efkes lekker yn je memmetaal prate kinne. Ik yn myn Wâldpyks en sy yn it Súdwesthoeksk.
Doe't har soantsje it hoekje om kaam en se yn it Frysk tsjin him begûn te praten, makke myn hert hielendal in spronkje. It fielt goed dat ik no net mear allinnich bin mei myn frjemde Frysk.''