Brêge by Skûlenboarch bliuwt oant mids juny ticht
De brêge by Skûlenboarch bliuwt oant mids juny ticht, seit Rykswettersteat. De skea falt ta, de fundearring is net stikken. Allinnich it beweechbere part fan de brêge is fernield. Moandei is begûn mei de reparaasje. Rykswettersteat komt omwenners yn de mjitte mei alternatyf ferfier, lykas taksys en elektryske fytsen dy't se fergees brûke meie.
De brêge by Skûlenboarch rekke mids jannewaris fernield, trochdat der in skip tsjinoan botste. Fytsers en auto's moatte no omride oer Koatstertille.