Man út Winaam krijt selstraf foar oplichting mei pontons

Justysje © Omrop Fryslân
In man út Winaam hat trije moanne sel krigen fanwege fertsjustering. De man ferhierde pontons fan bedriuwen troch oan oare bedriuwen, mar dy ferkochten de pontons troch. De fertochte wist derfan. Hy hie tsjin ien fan de bedriuwen dy't de pontons ferkocht sein dat hy de eigener wie. Hy hie ek bemiddele by de ferkeap fan in graafmasine, wêrby't er jild yn eigen bûse stutsen hat. De man wie al earder in pear kear feroardiele ta wurkstraffen. Omdat er te faak de fout yngien is, moat er no fan de rjochter de sel yn.
De man moat ek goed 22.000 euro skeafergoeding betelje oan de dupearren.