Ziggo-winkel yn Ljouwert giet ticht

De Ziggo-winkel yn Ljouwert
De Ziggo-winkel yn Ljouwert slút syn doarren. De sluting is in gefolch fan de fúzje tusken Ziggo en Vodafone. De aktiviteiten fan de Ziggo-winkel wurde ûnderbrocht by de fêstigingen fan Vodafone yn Ljouwert. Neffens in wurdfierder gean de sân meiwurkers fan de Ziggo-winkel oer nei dy fan Vodafone. De winkel is op 31 maart foar it lêst iepen.