"Oanspraaklikens sportterreinen net by ferieningen lizze"

De oanspraaklikens foar sportterreinen moat net by de sportferieningen komme te lizzen. Dat foarstel docht it kolleezje fan b. en w. fan Achtkarspelen oan de gemeenteried. Yn 2015 hat de ried besletten om dy oanspraaklikens oer te dragen oan de sportferieningen, mar de klups hawwe hjir net safolle sin oan. It bringt aardich wat kosten mei him mei en de klups binne ek bang dat de ferskowing fan de oanspraaklikens in te swiere lêst is foar de frijwilligers.
It kolleezje wol elk jier kontrôles útfiere as de oanspraaklikens by de gemeente bliuwt. Wethâlder Jouke Spoelstra: "Wy wolle ûnfeilige situaasjes foarkomme." Dêrom freget it kolleezje de ried om yn 2018 en 2019 25.000 euro beskikber te stellen en dêrnei in struktureel bedrach fan 18.000 euro. Fierder freegje b. en w. it beslút werom te draaien om de ljochtmêsten, stekken, ballefangers en fêste goals oer te dragen oan de klups.
Unmooglike posysje
Wethâlder Spoelstra: "Wy binne in sportgemeente dy't de sportferieningen fasilitearret. Wy wolle de frijwillige sportbestjoerders net yn in ûnmooglike posysje bringe as der in ûngelok bart op de sportkompleksen. Dêrom kieze wy der as kolleezje bewust foar om de oanspraaklikens by de gemeente te hâlden. Boppedat docht bliken dat de gemeente goed fersekere is. Je moatte net fan alles optuge wolle, wylst it al goed regele is."
De oanspraaklikens fan sportfjilden yn Achtkarspelen leit ûnder in fergrutglês troch it ûngelok mei in dug-out, dat yn 2014 barde yn Twizel. Dêrby kaam in famke om it libben en wie it lang de fraach wa't no krekt ferantwurdlik wie foar de gefolgen.
De gemeenteried sil him yn maart bûgje oer it foarstel fan b. en w.