FIDEO: De winners fan it Sportgala Fryslân

Marrit van der Wal, Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Marrit Leenstra, Tristan Bangma, Pieter Weening, Marit Bouwmeester, Sanne Wevers, Liesette Bruinsma, Bart Helmholt, Alyda Norbruis en Suzanne Schulting. It binne de nammen fan de sporters dy't woansdeitejûn yn it Abe Lenstra Stadion eare waarden op it Sportgala Fryslân.
Wy krigen se net allegearre foar de mikrofoan, mar dochs ha wy in tal fan dizze sporters mei harren reaksje op in rychje setten.