Goed 35.000 minsken komme nei Boot Holland

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De 27e edysje fan Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert, hat goed 35.000 besikers lutsen. Dat is krekt wat minder as ferline jier. Benammen snein kamen der minder minsken, nei alle gedachten troch de snie fan dy dei yn grutte parten fan it lân.
De beurs telde wol mear dielnimmers. Der wiene ûnder oaren 45 motorjachten te sjen. Der waard op de beurs ek mear ferkocht, meldt de organisaasje.