Feanfans jouwe 130.000 euro foar de jeugdoplieding

De supporters fan SC Hearrenfean stypje de jeugdoplieding fan de klup mei hast 130.000 euro. It bedrach is woansdei bekend makke op it Goed Geld Gala fan de VriendenLoterij yn Amsterdam. Dielnimmers oan de lotterij kinne meispylje foar in selskeazen goed doel, wêrûnder harren favorite earedifyzjeklup. Fan elk lot giet de helte nei de jeugdoplieding.
De 130.000 euro foar SC Hearrenfean is it heechste bedrach oant no ta. Feyenoord en Ajax krigen beide mear as in miljoen.