Patyna sil soarchynstellingen yngreven ferbouwe

Aldereinsoarchorganisaasje Patyna past syn soarchynstellingen oan op saken dêr't de âlderein hjoed-de-dei ferlet fan hat. Dat is nedich omdat âlderen hieltiten letter nei in fersoargingshûs ta gean. Yn bygelyks de Ielânen yn Snits wol Patyna it mooglik meitsje dat echtpearen fan wa't de ien dementearjend is, dochs byelkoar wenjen bliuwe kinne.
Dêr wurdt in nij wensoarchprojekt foar opset. De Flecke op De Jouwer wurdt ferboud en krijt apparteminten derby foar âlderen dy't soarch nedich ha, mar ek foar âlderen dy't dêr net ferlet fan ha.
31 lokaasjes
Patyna hopet mei de nije gebouwen better taret te wêzen op de takomst. De kommende jierren sil it tal âlderen yn Fryslân tanimme. Mar troch de wetjouwing binne de regels foar fersoargingshuzen stranger wurde. Net alle âlderen kinne samar nei in tehûs.
De soarchgroep hat yn totaal 31 lokaasje foar 3100 kliïnten.