Tsjûgen socht fan ynbraak yn boekhannel yn Akkrum

De boekhannel oan it Heechein yn Akkrum © Google Street View
De plysje freget omtinken foar in ynbraak yn Akkrum. Op sneontemoarn 19 novimber ferline jier waard moarns om 04.25 oere ynbrutsen by de kantoarboekhannel Friso oan it Heechein. Twa ynbrekkers kamen deryn troch de doar te fernielen. Se namen kompjûter- en foto-apparatauer mei.
De bewakingskamera hat beide fertochten dúdlik yn byld. De plysje ropt minsken op om har te melden as se de fertochten herkenne of mear witte oer de ynbraak.