Waadferiening: "Beslút ENGIE is grutte trochbraak"

It nijs dat enerzjybedriuw ENGIE net nei gas boarje sil foar de kust fan Skiermûntseach, smyt in soad reaksjes op. Op it eilân wie in soad ferset tsjin de plannen foar twa proefboarringen. Minsken wiene benammen benaud foar de gefolgen foar de natuer en it toerisme. Mar ENGIE seit no sels dat it ekonomysk net útkin en dat der net genôch draachflak is om de proefboarringen troch te setten.
"De Waddenvereniging, bewoners van Schiermonnikoog, Natuurmonumenten, Milieudefensie en Urgenda zijn blij met deze aankondiging. De organisaties zien het besluit van ENGIE als een doorbraak. ENGIE geeft als eerste energiebedrijf aan dat een gebrek aan maatschappelijk draagvlak een belangrijke rol heeft gespeeld bij de beslissing om geen gas te willen winnen. Maar ENGIE laat ook doorschemeren dat gaswinning op deze plek bij het waddengebied meer gaat kosten dan het kan opleveren", sa skriuwt de Waadferiening.
De Ried fan Steat bepaalde hjoed krekt dat it bedriuw wol trochgean mocht mei de proefboarringen. ENGIE sjocht dy útspraak as in befêstiging fan it soarchfâldige tariedingsproses dat folge is.