Slingerjende drankrydster (34) út Ljouwert oanhâlden

© ANP
In 34-jierrige drankrydster út Ljouwert is tiisdeitejûn yn har wenplak oanholden. De plysjes krigen in melding dat de frou slingerjend oer it Vliet ried. Se kaam dêrby meardere kearen op de ferkearde weihelte telâne. It oare ferkear moast útwike om in botsing foar te kommen. Doe't de plysje oankaam, hie de frou in parkearplak opsocht en har auto dwers yn de fakken delset.
Ut de blaastest die bliken dat de frou fierstente folle drank op hie. Se moast har rydbewiis ynleverje en moat har ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje.
Ek snorfytser rydbewiis kwyt
Ek in 26-jierrige snorfytser út Ljouwert is tiisdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke om't er mei drank op ried. Plysjes seagen de Ljouwerter mei hege snelheid oer de Voorstreek riden. De man besocht noch út te naaien, mar de plysje koe de drankrider nei in koarte sprint oanhâlde. Neist dat er syn rydbewiis kwytrekke, krige de man in rydferbod fan njoggen oeren.