Diks wol wethâlder bliuwe, as se net yn de Keamer komt

Isabelle Diks fan Ljouwert wol graach wethâlder fan de gemeente bliuwe, as se net foar GrienLinks yn de Twadde Keamer komt. Se sei dat tiisdeitejûn yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Diks is al sûnt desimber 2008 wethâlder foar PAL/GrienLinks yn de gemeente Ljouwert. Ein dit jier binne de riedsferkiezings yn de gemeente Ljouwert.
Diks ambieart opnij fjouwer jier as wethâlder. Foar in plakje yn de ried is se net beskikber. Mar as GrienLinks goed skoart by de Twadde Keamerferkiezings fan 15 maart.
Diks stiet by GrienLinks op it 19de plak. Dit smyt mooglik net gelyk in sit yn de Twadde Keamer op, mar as GrienLinks meidocht oan it folgjende kabinet en guon partijgenoaten minister of steatssiktaris wurde, dan soe it der dochs samar fan komme kinne, ôfhinklik fan ferkiezingsútslach en kabinetsformaasje.