UWV: Der bliuwt noch jierren in tekoart oan fakminsken

Der bliuwt noch jierren in tekoart oan fakminsken mei ûnderfining. Dat konstatearret it UWV út eigen ûndersyk. It giet hieltyd better mei de ekonomy. En de wurkleazens nimt ôf. Mar foar wurkjouwers bliuwt it noch lang dreech om goeie fakminsken te finen.
It tekoart oan fakminsken docht him oer in breed fjild foar. De measte fraach is der nei technisy en ICT'ers. Mar ek foar ûnderhâldsmonteurs, elektrisiens, timmermannen en ferpleechkundigen mei ûnderfining is der genôch wurk. Minsken dy't krekt fan skoalle komme kinne dat gat net opfolle.
Oanluting by arbeidsmerk
Skoallen dogge wol harren bêst om de oansluting tusken harren opliedingen en de arbeidsmerk te ferbetterjen troch neier mei bedriuwen gear te wurkjen. Mar it ferskil tusken in ôfstudearre learling en in wurkkrêft mei ûnderfining is faak noch wol te grut om daliks oan te sluten yn it wurkproses.
Imago technyske fakken
Neffens ûnderwiisdirekteur Wietse Smit fan it Fryslân College kin it imago fan technyske fakken ûnder de jongeren noch wol wat omheech. Se witte faak net hoe leuk it wurk is. Mar wurkjouwers moatte ek net altyd mikke op learlingen mei it heechste nivo. Learlingen mei in wat leger nivo kinne yn de praktyk hiel goed nei in heger nivo trochgroeie en hiel weardefolle krêften wurde.