Fjouwer moanne sel foar brânstichting yn azc Balk

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
In Syryske flechtling dy't ferline jier brân stichte yn it azc yn Balk, moat fjouwer moanne de sel yn. Dy straf is in stik leger as de eask, dy wie twa jier. De offisier fan justysje fûn dat de fertochte minsken yn gefaar brocht hie.
De rjochtbank fynt lykwols dat dat net bewiisd wurde kin. Boppedat hie de brân neffens de rjochtbank gjin grutte gefolgen. De Syriër hie út wanhoop en ûnfrede in tekken yn brân stutsen, om de oandacht fan it COA te lûken. De man hie al in skoft neat fan syn famylje heard dy't yn Turkije sit.