"Vermilion wint al twa jier gas ûnder Skoatterwâld"

De CDA-fraksje op It Hearrenfean is ferbjustere oer de gaswinning troch Vermilion ûnder de wenwyk Skoatterwâld. Ut antwurden fan it kolleezje moandeitejûn die neffens it CDA bliken dat Vermilion al twa jier út in put yn Langsweagen gas wint, sûnder dat de gemeente op de hichte brocht is. ''In kwealike saak'' neamt riedslid Hedwich Rinkes it hanneljen fan Vermilion, dat it fertrouwen yn it bedriuw net ferbettere hat. Vermilion hie earder wol in fergunning fan de gemeente Opsterlân krigen.
Letter murk it bedriuw dat it gasfjild fan sa'n 460 miljoen kúb ûnder de Feanster wenwyk trochrint. De boaiem kin troch de winning mei 2 oant 3 sintimeter sakje, sa binne de ferwachtingen. Bewenners binne ûngerêst oer it nijs. Wethâlder Siebenga fan It Hearrenfean hat oankundige de saak by Vermilion en minister Henk Kamp oan te kaarten.