Drankrydster op jierren yn de nacht oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 72-jierrige drankrydster yn Ljouwert oanholden. Plysjes seagen de frou al slingerjend riden op de Grinzerstrjitwei. Se moast meiwurkje oan in blaastest, mar dat gie oant trije kear mis. Op it buro slagge it wol en dêr die bliken dat de frou tefolle drank op hie. Se krige in rydferbod en in boete.