Oanlis nije N31 Harns op skema, ein dit jier akwadukt klear

It wurk oan de N31 by Harns leit op skema. It ferkear kin oan de ein fan dit jier troch it akwadukt ride. Yn tsjinstelling ta it wurk by it akwadukt yn Ljouwert binne hjir hast gjin problemen. Dat seit projektmanager Gosse Schriemer. It waar hat ek meiwierre.
In soad Harnzers makken moandei gebrûk fan de mooglikheid om bypraat te wurden op in ynformaasjegearkomste. De measte besikers wiene bot te sprekken oer hoe't Ballast Nedam it wurk útfiert en dêr mei de omwenners oer kommunisearret.
De oerlêst fan it heien is no foarby, want dat wurk is klear. Wol moat it ferkear noch rekken hâlde mei tydlike ôfslutingen. Dêr wie ek in soad begryp foar. Guon Harnzers wiene sels grutsk op dit grutte wurk by harren stêd.