Tal bûtenlânske staazjes NHL en Stenden nimt ta

Hieltyd mear studinten fan de NHL Hegeskoalle en de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert folgje in part fan har stúdzje of staazje yn it bûtenlân. De NHL hie yn it stúdzjejier 2014-2015 180 studinten yn it bûtenlân, no binne it 220.
De Stenden Hegeskoalle lit ek in taname sjen. Yn fergelyk mei twa jier lyn gean der no 20 persint mear studinten nei ien fan de fêstiging fan Stenden yn Yndonezië, Súd-Afrika, Katar of Tailân. Dêrneist binne der tsien persint mear útwikselingsstudinten.
De sifers slute oan by in ûndersyk fan EP-Nuffic, in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei it befoarderjen fan ynternasjonalisearring yn it ûnderwiis. Dêr docht út bliken dat hast in kwart fan de Nederlânske studinten foar koartere tiid in stúdzje of staazje yn it bûtenlân folget. Dat is in rekôrtal. Nochris twa persint folget in folsleine oplieding yn it bûtenlân