Plysje trappearret bestjoerders ûnder ynfloed fan drugs

© Plysje Ljouwert
De Ljouwerter plysje hat sneintenacht twa rydbewizen ynfoardere fan bestjoerders dy't - nei alle gedachten - ûnder ynfloed wiene fan drugs. De earste ried sneintejûn let by de Borniastrjitte troch read ljocht en koe dêrby mar krekt twa oerstekkende fytsers ûntwike. Dizze auto waard op it Suderplein troch de plysje oan kant set.
De bestjoerder (37), in man út Ljouwert, moast syn rydbewiis ynleverje. Hy moast mei nei it plysjeburo foar in bloedproef. De plysje tinkt dat de man ûnder ynfloed fan drugs ferkearde.
De man krijt in proses-ferbaal foar in searje ferkearsoertredings lykas troch read ride en te hurd ride. In pear oeren letter seagen plysjes in slingerjende auto op de Ljouwerter rûnwei, dy't hast in pear kear yn de berm bedarre. Dizze auto waard oanhâlden op de Valeriusstrjitte. Yn de auto mei in Frjentsjerter (26) achter it stjoer, hong in sterke himplucht. De man joech ta dat er krekt dêrfoar blowd hie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en mei nei it plysjeburo foar in bloedproef. It bloed wurdt troch Nederlânsk Forensysk Ynstitút NFI test op drugsgebrûk.