Hegeskoallen fokusje mei iepen dei op studinten fan it MBO

De hegeskoallen yn Ljouwert besteegje ekstra oandacht oan studinten dy't fan it MBO oerstappe wolle nei it HBO. Op sawol de iepen dei fan de NHL as dy fan Stenden krigen MBO-ers sneon ynformaasje fan studinten dy't earder de oerstap makke ha. De oergong fan MBO nei HBO is tradisjoneel dreger as dy fan HAVO of VWO nei HBO. MBO-ers fine foaral it wurktempo en de teory lestich. Minister Bussemaker fan Underwiis hat ferline jier al sein mear jild beskikber stelle te wollen foar in bettere oergong fan MBO nei HBO.
Jierliks falt ûngefear sa'n 17 prosint fan de MBO-learlingen út yn harren earste HBO-jier. Se kieze dêrnei ek net foar in oare HBO-oplieding. NHL en Stenden wolle mei ekstra omtinken en spesifike talittingstoetsen de útfal tsjingean.