Plysje hâldt 'heks' mei biezem oan yn Grou
In opfallende ferskining sneontenacht yn Grou. De plysje moast om fjouwer oere yngripe op de Stasjonswei, om't der in dronken man omstapte mei in biezem op 'e rotonde. De plysje skriuwt op Twitter dat de man tocht dat er in heks wie. De plysje hat de biezem yn beslach naam.