Striidber Aris ferliest fan koprinner Donar

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe sneontejûn mei 84-74 ferlern tsjin koprinner Donar Grins. Nettsjinsteande it ferlies hat Aris in prima prestaasje delset yn sporthal it Kealledykje. Yn de derby fan it Noarden diene de Ljouwerters der alles oan om it ferskil mei Donar sa lyts mooglik te hâlden.
Nei it earste kwart wie de foarsprong foar de Grinzers minimaal: 22-20. Yn it twadde kwart rûn dat op ta sân punten (42-35). Ek nei rêst wist Aris it ferskil nei it tredde kwart op sân punten te hâlden: 65-58.
Uteinlik rûn Donar yn de einfaze noch út nei in foarsprong fan tsien punten en waard it duel beslikke yn 84-74.