Schulting mei brankaar fan it iis en nei it sikehûs

Suzanne Schulting is yn de finale fan de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Minsk fallen en dêrnei mei in brankaar fan it iis helle. Schulting waard troch de Sinese Yutong Han ûnderút riden. Se kaam dêrnei hurd yn de boarding telâne. Mei help fan in brankaar en yn in nekbrace waard se fan it iis ôfhelle. Hoe slim it is, is noch net dúdlik. Se is foar ûndersyk nei it sikehûs.
Yn it Wyt-Russyske Minsk wurdt op dit stuit de finale fan de wrâldbekerwedstriden riden. Fan 10 oant en mei 12 maart binne de wrâldkampioenskippen yn Rotterdam.
Rianne de Vries waard troch in penalty yn de heale finale útskeakele en mocht dêrtroch ek net meidwaan oan de B-finale.
Troch de blessuere fan Schulting dogge de froulju net mei op de ôflossing.
Yn Minsk dogge in soad toppers net mei. De bêste shorttrackers út bygelyks Sina en Súd-Koreä jouwe de foarkar oan de Aziatyske Spelen. Mar ek Hongarije docht net mei. Wylst de bêste Kanadezen ek thúsbleaun binne.