Joop Mulder nimt nei 35 jier ôfskied fan Oerol

Joop Mulder hâldt op as direkteur by it Oerolfestival. Mei de krystdagen hat er dit beslút nommen. Hy wol him foaral konsintrearje op syn nije projekt: Sense of Place. Dit projekt mei lânskipskeunst by de Waadseekust del sil noch in protte tiid en ynvestearrings fergje, en dat hat al syn oandacht nedich, seit Mulder. Sense of Place is ien fan de projekten fan Kulturele Haadstêd 2018 en moat soargje foar mear kultuertoerisme yn it noarden fan Fryslân. Yn 1982 is Mulder it Oerolfestival op Skylge begûn, foaral mei teäter yn lytse skuorkes.
Nei 35 jier Oerol draacht hy it no folslein oer oan syn opfolgers Marelie van Rongen en Kees Lesuis.