Sábliková wint 5000, De Jong en Kleibeuker net op poadium

© awfoto.nl
Martina Sábliková is foar de njoggende kear wrâldkampioen op de 5000 meter wurden. De Tsjechise ried de langste ôfstân op de Olympyske baan fan Gangneung yn 6.52.38. De ferrassing fan de dei wie it sulver foar de 44-jierrige Dútse Claudia Pechstein yn 6.53.93. Ivanie Blondin út Kanada pakte it brûns yn 6.57.15.
De Fryske foulju koene net oertsjûgje. Antoinette de Jong waard fiifde yn 6.59.33 en Carien Kleibeuker sânde yn 6.59.79.