KNMI warskôget foar glêdens op de Fryske diken

Glêdens (argyffoto) © ANP
It KNMI hat foar freedtejûn oant en mei sneontejûn koade giel ôfjûn yn ferbân mei glêdens op de diken. Neffens it waarynstitút kin it yn de hiele provinsje glêd wurde troch lichte sniefal. Lokaal kinne de diken ek glêd wêze troch izel.
It KNMI ropt automobilisten op wach te wêzen en har rydgedrach oan te passen.