Omrop TIP: BF'ers folje stimwizer yn by Buro de Vries

© ANP
Woansdei 15 maart meie we stimme foar de Twadde Keamer. Mar op wa? En op hokker partij? In soad minsken folje de stimwizer yn op ynternet om in idee te krijen wat se stimme wolle. Buro de Vries follet de kommende wiken ek de stimwizer yn mei bekende Friezen. Sa skoot snein skûtsjeskipper Douwe Visser fan Snits oan yn de studio.
Hoe tinkt hy oer ûnderwerpen lykas eutanasy, it bernepardon en de AOW-leeftyd? Wurdt hy ferrast troch de útkomst fan de stimwizer of komt der út wat hy al ferwachte. Oare BF'ers dy't de stimwizer ynfolje, binne ûnder oare sjongeres Griet Wiersma en makeler Jaap Kingma.
Benijd op hokker politikus de BF'ers stimme sille? Harkje dan sneintemoarn nei de útstjoering fan Buro de Vries fia Omrop Fryslân Radio, ynternet en de Omrop-app.