Hûnebaaske út de sleat rêden yn Ljouwert

Ambulânse © ANP
In 57-jierrige man moast tongersdeitemiddei út in sleat op De Kei yn Ljouwert helle wurde. In 34-jierrige Ljouwerter seach fanút syn hûs in hûn sûnder baaske losrinnen. De hûn hie wol in riem om. De 34-jierrige man fertroude de saak net en gie op ûndersyk út, en fûn it baaske yn de sleat. Tegearre mei in ûnbekende omstanner is it slachtoffer út de sleat helle.
De man wie troch in skuor oan de hûneriem út lykwicht helle en yn it wetter bedarre. Hy is mei ûnderkuollingsferskynsels oerbrocht nei it sikehûs MCL.