Wurkstraf en boete foar Peinzer fanwegen himpplantaazje

© Plysje
In man út Peins hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen en hy moat 41.000 euro oan de steat werombetelje. Neffens de rjochter hat de man dat jild fertsjinne mei in grutte himpplantaazje yn in loads yn Drachten. De fertochte ûntkent dat er dêr wat mei te krijen hat. Hy hie de loads ûnderferhierd oan twa manlju.
De man hie wol sjoen dat dy der lampen yn sjouden en hy wist dat der yllegaal stroom ôftape waard. Hy seit dat er te nayf west hat en nei de plysje gean moatte hie. De rjochter leaut de man net en hat him in maksimale wurkstraf jûn.