Hessel Wiegman (69) fan Skylge is ferstoarn
Skylger Hessel Wiegman is ferstoarn. Wiegman stie benammen bekend om syn seehûne-opfang. Hy fong de bisten sels thús op, ek al wie dat tsjin de regels. Wiegman wie al langere tiid siik, mar syn ferstjerren komt dochs noch ûnferwacht.
It nijs is ynslein as in bom op it eilân, seit neef Hessel van der Kooij. Wiegman is 69 jier wurden.