"Wynpark hat negative gefolgen foar natuer"

Wynmûnen yn it wetter © Omrop Fryslân
Wynpark Fryslân sil dúdlike negative gefolgen ha foar de natuer fan de Iselmar en de Waadsee. Dat is de konklúzje fan ûndersyksynstitút Alterra. Yn it rapport stiet dat de risiko's foar fûgels yn de Iselmar en de Waadsee ûnakseptabel binne. Bygelyks de blaustirns (zwarte stern) en de wytstirns (visdief) rinne gefaar. Dat jildt ek foar fûgels dy't net yn it gebiet briede, mar it wol trochkruse op syk nei fretten.
Om it effekt fan Wynpark Fryslân goed beoardiele te kinnen, stelt Alterra dat de fûgelstjerte troch wynmûneparken en oare projekten byelkoar optelde wurde moatte.
It rapport fan Alterra is nei de Ried fan Steat, de oerheden en de inisjatyfnimmers fan it wynmûnepark stjoerd. De Ried fan Steat bûgt him oer it berop dat natuer- en rekreative organisaasjes ynsteld hawwe tsjin it beslút om Wynpark Fryslân te bouwen.
Yn it wynmûnepark soene 89 wynturbines fan 180 meter heech yn de Iselmar komme te stean.