Sike-omrop Radio Noorderbreedte hâldt dermei op

Nei 42 jier komt der in ein oan Radio Noorderbreedte, de sike-omrop fan it Medysk Sintrum Ljouwert. De direksje fan it sikehûs hat besletten om mei de sike-omrop op te hâlden, omdat der hast net nei harke wurdt. De sikehûspasjint fan no harket foaral nei de eigen tablet en soe gjin ferlet mear hawwe fan fersykplaten by de sike-omrop.
De fjirtich frijwilligers fan Radio Noorderbreedte meitsje op dit stuit noch sân dagen yn 'e wike útstjoeringen. Sy fiele har oerfallen troch it beslút fan de direksje.
En boppedat: it argumint dat der op in dei mar ien pasjint harket, is oantoanber net wier, seit frijwilliger Ale Bosch.
Lêste útstjoering
Sa't it no stiet is op tiisdei 28 febrewaris de lêste útstjoering fan Omroep Noorderbreedte. Mooglik komt der op in oare datum noch in 'grutte slot-útstjoering'.