Skriuwer Gerard de Jong nei San Sebastián foar Oare Wurden

Skriuwer Gerard de Jong mei foar it projekt Oare Wurden dit jier nei de Baskyske stêd San Sebastián. De Jong, haadredakteur fan De Bildtse Post, is troch de Fryske sjuery fan it Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen útkeazen om in moanne yn de stêd te wenjen en te wurkjen. Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen fûn de sjuery it foarstel fan De Jong út Sint-Anne op ferskate punten it sterkste.
''It skriuwplan fan De Jong is literêr nijsgjirrich en tsjûget fan in sterke persoanlike driuw'', sa seit de sjuery. ''De Jong stiet boppedat midden yn de Biltske mienskip en sil syn ferbliuw yn San Sebastián brûke om konneksjes mei de Baskyske taal en kultuermienskip te lizzen.'' Gerard de Jong (1979) is al santjin jier haadredakteur fan De Bildtse Post.