Mei de elektryske sloep tenei troch it Bûtenfjild

It bûtenfjild wurdt sûnt novimber oanpakt. Foar de peaskedagen moat it wurk klear wêze. Der wurdt baggere en brêgen en ûndertrochgongen wurde klearmakke foar de saneamde 'stille sloeperûte'.
Dizze rûte rint fan Ljouwert oer Ryptsjerk en De Falom oant de Swimmer by De Westereen. De farrûte is allinnich tagonklik foar elektryske of hybride boatsjes.
De totale kosten fan de oanlis binne 2,8 miljoen euro. De provinsje betellet it grutste part, nammentlik 1,75 miljoen. De gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel drage respektyflik 500.000 en 575.000 euro by.