Noardlike provinsjes te sprekken oer listlûkersdebat
SNN, it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, is bliid mei de ynhâld fan it noardlik listlûkersdebat fan woansdei yn Grins. De provinsjes fine it moai dat ferskate listlûkers sein hawwe dat Nederlân 'in eareskuld' oan it noarden hat, as it giet om de gaswinning. Ek hawwe ferskate partijen oanjûn dat de wurkgelgenheid by Rykstsjinsten yn it noarden as finzenissen en by definsje net fierder werom kin. ChristenUnie, D66, 50Plys en SP ha sels oanjûn dat by nije aktiviteiten fan it Ryk nei it noarden sjoen wurde moat as mooglik fêstigingsplak.
SNN lobbyet foar de belangen fan de noardelike provinsjes yn Den Haach en Brussel en sil de politisy ek nei de ferkiezings herinnerje oan de tasizzings dy't se op it noardlik ferkiezingsdebat dien hawwe. Kommissaris fan de Kening René Paas fan Grinslân reagearre nei ôfrin as foarsitter fan SNN. "We hebben de lijsttrekkers vandaag horen beloven dat ze zich zullen inzetten voor publieke banen. Daar zullen we ze aan houden."
Neffens Paas wol it noarden de kommende jierren benammen ynsette op lânbou, iten, enerzjy, wetter en sûnens. "Dêr sit ekonomyske groei, ek wat wurkgelegenheid oanbelanget." Oan it debat waard meidien troch Lodewijk Asscher (PvdA), Emile Roemer (SP), Jesse Klaver (GrienLinks), Alexander Pechtold (D66), Sybrand Buma (CDA), Gert-Jan Segers (ChristenUnie) en Henk Krol (50Plus). Foar de VVD die fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra mei yn plak fan listlûker Mark Rutte.