Streppel skorst fanwege ûnbehoarlik gedrach

Jurgen Streppel © AWfoto
Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel moat snein de wedstriid tsjin AZ fan de tribune ôf besjen. Fuotbalbûn KNVB hat him foar ien duel skorst, omdat hy him snein nei de ferlerne wedstriid tsjin FC Utrecht ûnbehoarlik gedroegen hawwe soe tsjin de skiedsrjochter.
Streppel jout ta dat hy krityk hie op de lieding, mar fynt net dat hy minsken misledige hat. De klup hat it skikkingsfoarstel fan de KNVB wol akseptearre.