Deputearre Kielstra net iens mei krityk fakbûnen: "Unsin"

Unsin, seit deputearre Klaas Kielstra op de krityk fan FNV Overheid en CNV op de reorganisaasje by de provinsje. Neffens de fakbûnen kin dy útrinne op in organisatoaryske púnheap. Beide bûnen ha tiisdei mei stipe fan de ûndernimmingsried in brânbrief oer de reorganisaasje stjoerd oan it provinsjebestjoer.
De provinsje fernaam dat nijs út de media foardat de brief der lei en dêr wie Kielstra net oer te sprekken. De deputearre wiist de beskuldiging fan de hân dat it personiel noch te min ynsjoch hat yn de plannen.
Neffens him is der grif tweintich kear oer oerlein mei de ûndernimmingsried. Dat der wat ûnwissichheid is, heart boppedat by in reorganisaasje, seit Kielstra. Dat de plannen foar 200 man personiel stridich wêze soene mei ôfspraken en regels fernuveret him, want de de jurist fan de ûndernimmingsried soe it tsjinoerstelde advys jûn ha.
De provinsjale organisaasje moat lytser en fleksibeler sûnder twongen ûntslaggen, sa is de ynset fan de hiele operaasje.