Auto op de sydkant nei botsing by Lauwerseach
Op de Marnewei by Lauwerseach binne tiisdeitemiddei by in oariding twa auto's flink skansearre rekke. In bestjoerder kaam fan De Rug ôf en seach by it opriden fan de Marnewei in oare auto oer de holle. In botsing wie it gefolch en dêrby rekke ien auto op de sydkant. De helptsjinsten kamen massaal nei it ûngelok, mar alle ynsittenden kamen úteinlik mei de skrik frij.