Foarljochting Tûmba is in stik djoerder foar skoallen wurden

De kâns is grut dat der kommend jier gjin lessen fan Tûmba oer kulturele en seksuele fariëteit mear jûn wurde op it Nordwin College. Dit komt omdat de lessen te djoer wurden binne. De taname yn de kosten binne ûntstien neidat de provinsje Fryslân besletten hat om Tûmba gjin subsydzje mear te jaan. It gefolch dêrfan is dat skoallen it folsleine bedrach fan de Tûmbalessen betelje moatte.
Neffens Johan Dalstra komt dat foar it Nordwin College del op jierliks sa'n 7.500 oant 10.000 euro. Tûmba is it ekspertizeburo foar 'discriminatiezaken, diversiteit en gelijkheid'.
Oprop
It Nordwin College hat in oprop dien oan de provinsje Fryslân om nochris goed oer it stopsetten fan de subsydzje oan Tûmba nei te tinken. It risiko bestiet dat njonken it Nordwin College mear skoallen stopje sille mei de lessen fan Tûmba, fanwegen de hegere kosten. Dalstra soe dat spitich fine, want de lessen oer bygelyks diskriminaasje en homo's wurde troch Tûmba op in pakkende wize oerbrocht mei help fan akteurs.
Boargerskip
Tiisdei waard ek bekend dat de ynspeksje foar it ûnderwiis ûntefreden is oer it ûnderwiis yn boargerskip. Neffens steatssiktaris Dekker is it krekt yn de hjoeddeistige maatskippij, mei tanimmende tsjinstellingen, wichtich om helder te wêzen oer Nederlânske kearnwearden.