Dravende plysjeman efterfolget fytsedief yn Ljouwert

(stockfoto) © ANP XTRA
In dravende plysjeman hat moandeitejûn in 18-jierrige fytsedief út Ljouwert oanhâlden. De jonge waard trappearre doe't er op de Voorstreek in fyts stelle woe. Hy naaide út mei de fyts. De plysjeman gie der dravend efteroan en draafde krekt wat hurder as de dief fytse koe. Hy krige de fertochte by De Tuinen te pakken en in oanhâlding folge.