Parsefotograaf Sjoerd Andringa ferstoarn

Parsefotograaf Sjoerd Andringa is yn de nacht fan sneon op snein op 95-jierrige leeftiid ferstoarn. Andringa wie bekend as fotograaf fan it Friesch Deiblêd. Hy wurke der fan 1950 oant 1983. Hy wie mei syn alpinopet en dwersstrikje in markante ferskining. Nei't hy mei pensjoen gean wie, gie hy oan de slach as keunstner. Yn Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert wie yn 2015 in eksposysje fan syn wurk te sjen.